Gebou Salvesen ferkocht

© Omrop Fryslân
It eardere pân fan ferfiersbedriuw Christian Salvesen yn Ljouwert oan de Poolsterwei is ferkocht oan hannelsûndernimming Stamco BV út Staphorst.
Op dit stuit sitte der twa oare bedriuwen yn it gebou. It giet om de Technische Unie en Friesland Foods. Stamco seit dat der genôch romte oer is foar in grutte wurkjouwer. Neffens in wurdfierder is der al ynteresse foar it gebou mar konkreet is dy noch net.