Rydbewizen yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei op 'e Lemmer it rydbewiis ynnaam fan in 48-jierrige ynwenner. De man foel de plysje op doe't er mei syn auto slingerjend en mei sterk wikseljende snelheid oer de A6 ried. Ut in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie.
By Wûns hat de plysje tiisdei it rydbewiis fan in 30-jierrige man ynnommen. De ynwenner fan Wûnseradiel ried op de Weerstewei 136 kilometer yn de oere. Op de dyk mei mar 80 riden wurde.