Iepening gemeentehûs Skylge

© Omrop Fryslân
It fernijde gemeentehûs op Skylge wurdt op 22 augustus offisjeel iepene. It hat lang duorre foardat de nij- en ferbou klear wie.
Yn 2004 waard it earste plan foar de nijbou ôfkard. Twa jier letter gie de oannimmer fallyt en leit it wurk in pear wiken stil. Dêrtroch waard de nijbou in pear ton djoerder. It gemeentehûs is no in jier klear en yn gebrûk.