Zonderland oankaam yn Peking

© Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland is tiisdei oankommen yn it Olympysk doarp yn Peking. Ofrûne moandei stapte er op it fleantúch mei syn coach Gerard Speerstra.
It is Zonderland syn earste Olympyske Spelen. Op 9 augustus komt er foar it earst yn aksje oan 'e rek. Oant dy tiid bestean syn dagen foaral út traine en wenne oan de omstannichheden yn Sina.