Rekordoantal ynslaggen

Ynslaggen by Snits (Bron: Van der Heide)
De tongerbuien fan it ôfrûne wykein hawwe soarge foar in rekordoantal ynslaggen fan it wjerljocht yn Fryslân. Dat is de konkluzje fan general manager Gerard van Marle fan it bedriuw Van der Heide bliksembeveiliging yn Kollum, op grûn fan mjittings dy't freed en sneon dien binne.
Dit wykein is it wjerljocht like faak ynslein, as oars yn twa jier. Fral yn it suden fan de provinsje wiene in soad ynslaggen, meielkoar sawat 600.