Freed sinnefertsjustering
Op de Noardpoal en yn dielen fan Azië is ie folslein te sjen, yn Nederlân mar foar in kwart: de sinnefertsjustering fan kommende freed. Dan skoot de moanne tusken de ierde en de sinne troch en dat soarget derfoar dat we dy sinne net mear hielendal sjen kinne.
De stjerrewachten yn Burgum en It Hearrenfean binne freedtemoarn iepen foar elk dy't de fertsjustering sjen wol.