HWL fuort by Friesland Bank

De bank rjochtet him op rike minsken
Stifting Hulp en Welzijn Ljouwert wol net langer klant wêze fan de Friesland Bank. HWL jout ûnder oaren budzjetadvys oan earme minsken. De stifting steurt 'm bot oan it nije belied fan de bank.
Ferline wike kaam yn it nijs dat de Friesland Bank tenei allinnich hypoteken jaan wol oan minsken mei in ynkommen boppe de 60.000 euro en bedriuwen mei mear as fiif wurknimmers.