Drachtster yn side stutsen

© Omrop Fryslân
In rûzje yn in tún yn Drachten is freedtejûn flink út de hân rûn. In Drachtster (33) is dêrby yn de side stutsen mei in mes. In oare Drachtster (51) is oanhâlden troch de plysje. Hy wie nei de rûzje earst fuortrûn, mar kaam letter werom mei it mes. It slachtoffer is behannele troch ambulânsepersoniel. De man dy't stutsen hat, is thús ophelle.
De plysje moat de saak noch fierder útsykje. Oant dy tiid sit de fertochte yn de sel.