Sijtje traint foar Spelen

Sijtje van der Lende is mei har Sineeske reedriders op trainingskamp yn Berlyn. De 58 jierrige Friezinne begeliedt sawol de all rounders as de sprinters en hat in kontrakt dat rint oant en mei de Olympyske Spelen fan Vancouver.
Sy moat derfoar soargje dat de Sinesen yn Vancouver in rol fan betsjutting spylje kinne. Mei in oare manier fan trainen wol se dat berikke.