Driezumer hynstedagen los

Tûzenen minsken ha freed de 19e edysje fan'e hynstedagen yn Wâlterswâld, Driezum en Damwâld besocht. By it evenemint wurdt it iepen Frysk kampioenskip hynstemaraton hâlden yn 8 kategoryen. De hynders komme troch de doarpen hinne en moatte ferskate hindernissen nimme. 125 dielnimmers ha it parkoers ôflein.
Sneon stiet de boeredei op it programma.