Keunst op Ljouwerter perron

© Omrop Fryslân
Reizgers op it Ljouwerter stasjon stroffelen freed letterlik oer de keunst. Op it perron lei nammentlik it 50 meter lange skilderij fan de Ljouwerter keunstneres Marjan Beuker. Se wurket al in pear moanne oan it mega grutte keunstwurk, mar is sûnt tongersdei oan it skilderjen yn it iepenbier.
Se soe 3 dagen te finen wêze op it Waagplein yn Ljouwert, mar fanwege de driigjende rein stie se freed op it treinstasjon.