Wurk oan Wâldwei útsteld

It ûnderhâld oan de Wâldwei útsteld
It ûnderhâldswurk dat Rykswettersteat dit wykein dwaan soe op de Wâldwei tusken Werpsterhoek en Himriksein by Ljouwert giet net troch. De dyk soe sneon oerdei foar in part ôfsluten wurde foar ferkear.
Om't der tongerbuien foarsein wurde en it materiaal dat brûkt wurde soe net op 'e tiid levere wurde koe, binne de wurksumheden útsteld.