Friesland Vlees ticht

Doek falt foar Friesland Vlees
Slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert slút defintyf de doarren. Dat hat eigner Harrie Wildeboer bekend makke oan syn leveransiers. Tongersdei binne de lêste keallen slachte. It gie al langer net goed mei de slachterij fan Wildeboer. Troch útspraken fan Minister Verburg fan Lânbou oer mooglike misstannen by de slachterij rûnen in protte ôfnimmers fuort.
Ferline moanne like Friesland Vlees dochs wer in grutte klant binnen helle te hawwen.