Ferlet fan pleechgesinnen

© Omrop Fryslân
Pleechsoarch Fryslân hat op koarte termyn ferlet fan sa'n 50 nije pleechgesinnen. De helte fan dy gesinnen moat bern folslein opfange, de oare helte hoecht allinnich yn it wykein beskikber te wêzen. De ekstra gesinnen binne nedich omdat de fraach nei pleechsoarch tanimt. Dat komt ûnder oare omdat der yn hieltyd mear gesinnen problemen ûntstean.
Pleechsoarch Fryslân hat al 400 opfangadressen, mar dat is net genôch om oan dy tanimmede fraach te foldwaan.