Ferlies Hearrenfean yn Dútslân

© Omrop Fryslân
De Sportclub Hearrenfean hat woansdeitejûn de oefenwedstriid tsjin Borussia Mönchengladbach mei 3-1 ferlern. Yn it Grenzlandstadion sette âld-Hearrenfean spiler Rob Friend de thúsploech op foarsprong. Danijel Pranjic skeat krekt foar it skoft út in strafskop de lykmakker tsjin de touwen.
Roberto Colautti hie yn it earste kertier fan de twadde helte twa kear súkses: 3-1 foar Borussia.