Sege foar skûtsje fan Wâldsein
By it skûtsjesilen yn 'e Lemsterbaai wist Wâldsein woansdei de oare skûtsjes efter him te hâlden. Mei Boalsert op in twadde plak en De Jouwer op in tredde plak kaam de wedstriid sa ta in ûnferwachts ein.
Klassemintskoprinner Snits einige krekt bûten de top trije. It Hearrenfean, twad yn it klassemint, sylde in strieminne wedstriid en waard trettjinde. d' Heale Moanne soe protesteare tsjin de SKS-kommisje, mar hat dat net trochset.