Noar foar 5 jier nei It Fean

Tarik Elyounoussi nei Hearrenfean
Sportclub Hearrenfean hat in kontrakt ôfsletten mei de Noarske fuotballer Tarik Elyounoussi. De 20-jierrige oanfaller komt foar fiif jier nei It Fean.
Elyounoussi is fan Marokkaanske komôf en komt fan it Noarske Fredrikstad FK. Ek spile er ien wedstryd mei it Noarske nasjonale alvetal. Yn dy wedstryd skoarde er al nei fjouwer minuten. Elyounoussi waard yn 2006 en 2007 útroppen ta Talint fan it Jier.