Opknapbeurt monumint Oentsjerk

© Omrop Fryslân
It monumint De Verstomde Schreeuw, dat oan de trochgeande dyk by Oentsjerk stiet, is tydlik fuorthelle. It monumint foar ferkearsslachtoffers is foar ûnderhâld nei in bedriuw op It Hearrenfean brocht. Dêr wurdt in nije fervelaach oanbrocht, want dy is troch de jierren hinne bot ferfage.
Om foar te kommen dat der oer in pear jier wer ûnderhâld dien wurde moat, wurdt in dûbele fervelaach oanbrocht. Ein augustus moat it monumint wer op syn plak stean.