Libben sylskip yn Snits

dit is de beam
Op in rotonde yn Snits komt in trije meter heech libben sylskip te stean. It giet om in katamaran dy't snoeid is út ligusterplanten. In Dútske beam- kweker hat der 12 jier wurk fan hân.
In meiwurker fan sosjale wurkfoarsjenner Empatec seach it sylskip fan 't maitiid en tipte de gemeente. Dy hat dêrnei kontakt socht mei de kweker. Dy woe it sylskip wol kwyt. It wurdt woansdeitemiddei pleatst op de rotonde yn de Oppenhuizerwei yn Snits.