Jirpels kweke op sâlte grûn

Jirpelkwekers op syk nei nije soart
Jirpelkwekers yn it noarden binne drok dwaande in jirpel te ûntwikkeljen dy't oer sâlt wetter kin. De jirpel is bedoeld foar boeren oan de Waadkust. Dy hawwe grut ferlet fan sa'n jirpel omdat har grûn hieltyd sâlter wurdt.
It ûntwikkeljen fan it nije ras is in drege saak, it kin neffens de kwekers noch wol 25 jier duorje foar't de nije jirpel der is. De kwekers besykje in bydrage út it Waadfûns te krijen om de kosten fan it ûntwikkeljen mei te beteljen.