Tsjûgen socht yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei de tsjûgen fan in oanriding ôfrûne tongersdeitemoarn op de Markt yn Dokkum. In frou parkearde dêr har auto en doe't sy letter wer weromkaam siet der in grutte dûk yn de linker foarkant. Twa minsken hiene sjoen hoe't it barde en joegen it kenteken troch oan de frou.
De frou is fergetten de nammen fan de tsjûgen te notearjen en de plysje ropt har op kontakt op te nimmen. Dan kin der proses ferbaal opmakke wurde tsjin de feroarsaker fan it ûngelok.