Tal skousleatten werombrocht

Wetterskip Fryslân hat it tal skousleatten yn Fryslân werombrocht. Dat docht bliken út nije kaarten fan it wetterskip. De totale lingte oan skousleatten is no 18.500 kilometer.
It wetterskip hat de ôfrûne jierren de skousleatten besjoen en nij belied makke. Dat wie nêdich nei de fúzje fan de ferskate Fryske wetterskippen yn 2004. Yn parten fan Fryslân binne no mear sleatten oanwiisd as skousleat, yn oaren minder. De nije kaarten kinne ynsjoen wurde op de gemeentehuzen.