Kalou nei sc Heerenveen
Sportclub Hearrenfean hat der in nije spiler by. It giet om Bonaventure Kalou. De 30-jierrige oanfaller hat in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch in jier.
Kalou komt transfer-frij oer fan Al Jazira, in club út de Feriene Arabyske Emiraten. Yn Nederlân spile Kalou earder foar Feyenoord. Mei dy club wûn er doe ûnder oare de UEFA-cup en waard er lânskampioen.