Wethâlder v.d. Wal út it wurk

Wethâlder Van der Wal fan de gemeente Achtkarspelen is foarearst út it wurk. By him binne de earste ferskynsels fan in burn-out konstatearre. Syn dokter hat him advisearre de kommende wiken hielendal rêst te nimmen.
Wannear't hy wer oan it wurk kin hinget hielendal ôf fan hoe fluch hy herstelt. Boargemaster Van der Zwan sil de taken fan wethâlder Van der Wal earst oernimme.