Replika's Van Gogh te keap

Yn Frjentsjer binne sûnt dizze wike allerhanne skilderijen te keap fan ferneamde keunstners as Van Gogh en Rembrandt. Twa ûndernimmers út dy stêd litte de wurken fan dizze grutmasters neimeitsje yn Sina. De skilderijen wurde mei de hân neiskildere troch keunstners út Sina en lykje foar 95 persint op it orzjineel.
Yn restaurant De Doelen kinne minsken skilderijen útsykje of bestelle. Yn koarte tiid binne der fia ynternet al hûnderten skilderijen ferkocht.