Ungelok op Ofslútdyk

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân binne freed fjouwer auto's op elkoar klapt. In 60-jierrige bestjoerder út IJmuiden koe net op 'e tiid stilhâlde by in iepensteande brêge. Hy ried doe achterop in stilsteande auto.
Ek twa oare auto waarden rekke. Troch it ûngelok stie der in skoftke in file yn de rjochting fan Fryslân.