Karavan fernield by botsing

In Fryske famylje hat freed in min begjin fan de fakânsje hân. Har karavan is by in botsing folslein fernield. It gesin út Stiens waard op de sneldyk by Breda fan achteren oanriden troch in frachtwein. De bestjoerder fan de Belgyske truck ried sûnder te remjen op de file yn, dêr't it gesin de lêste fan wie.
Fan it gesin rekke net ien ferwûne. De frachtweinsjauffeur hie ferwûnings oan syn hân.