Aksje diere-ambulânse helpt

diere-ambulânse hat jildkrapte
De Ljouwerter diere-ambulânse en de gemeente Ljouwert sille moandei mei elkoar prate. De ambulânse kundige freed oan gjin deade bisten mear út de stêd op te heljen om't de gemeente har dêr te min fergoeding foar jout. De ambulânse krijt 2600 euro, mar it wurk kostet jierliks 15.000 euro.
Mei de oankundiging fan de aksje ha de meiwurkers har doel berikt. De gemeente hat syn ekskús oanbean en de minsken fan de diere-ambulânse útnoege foar in petear.