Bradley (SC H'fean) nei Peking

Middenfjilder Michael Bradley fan Sportklub Hearrenfan is oproppen foar it Olympysk alvetal fan de Feriene Steaten. As er yn de basis komt, spilet er aanst yn Peking yn groep A tsjin Nederlân.
De tweintichjierrige Bradley wie ôfrûne jier topscorer by Hearrenfean, mei 15 goals. Hy hat noch in kontrakt foar in jier by Sportklub Hearrenfean, mar hat al sein dat er graach nei in Ingelske klub wol.