Fandalismesaak as warskôging

It moat dien wêze mei fernielings en brânstifting by âld en nij. It Iepenbier Ministearje rôp dêrom woansdei 16 fertochten tagelyk nei de rjochtbank. De oanpak moat jongerein ôfskrikke om soks nochris te besykjen.
De measte fertochten krigen in wurkstraf en in stichtlik wurd fan 'e rjochter, mar der waarden ek skeafergoedings oplein. De fernielings waard dien ûnder ynfloed fan drank. Yn Haulerwyk waard brân stifte. De brânwacht waard hindere by har wurk.