Speedboat-eigner komt frij

© Omrop Fryslân
De eigner (39) fan de speedboat dy't in moanne lyn tsjjn in frachtskip botste, komt tongersdei frij. Betingst is wol dat hy syn farbewiis ynleveret en gjin nije oanfreget. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten.
De Ljouwerter bliuwt wol fertochte yn dizze saak, lykas in twadde Ljouwerter (45), dy't oan it stjoer siet fan de boat. Justysje fertinkt beide manlju fan deaslach. By it ûngelok op it PM-kanaal op 7 juny kaam in 42-jierrige man út Jellum om it libben.