De wepsetiid wer útein set
De wepsebestriders yn Fryslân hawwe it drok. Yn de simmer ûntdekke in soad minsken in wepsenêst yn 'e tún. In stek fan in weps is net allinne pynlik, it kin ek gefaarlik wêze. Guon minsken binne allergysk foar in wepsestek en kinne der sels oan dea gean.
De wepsebestriders spuitsje gif yn it nêst, nei in pear oeren binne de wepsen dan allegearre dea.