Fandalen âldjier foar rjochter

De âldjiersbrân fan Haulerwyk
Sechtjin minsken dy't har misdroegen hawwe mei âld en nij moatte woansdei foar de rjochter ferskine. It giet om alve ynwenners fan Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel en Smellingerlân. Ek fiif ynwenners fan Haulerwyk moatte foarkomme, ûnder har binne ek trije minderjierrigen.
De sechtjin hawwe har mei âld en nije skuldich makke oan in ferskaat oan saken, lykas fernielings en geweld. Yn de measte gefallen wurdt woansdei al bekend wat foar straf se krije.