Motorrider ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In motorrider fan Kollumersweach is moandeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. De man kaam yn botsing mei in frachtauto.
De bestjoerder fan dy auto seach de man by it ynriden fan in ynrit oer de holle. De man glied troch de oanriding út en kaam tsjin in stek ta stilstân. Hy is mei ferwûnings oan 'e rêch opnaam yn it sikehûs.