Ein mei pylk dea nei operaasje

© Omrop Fryslân
De ein dy't sûnt maaie mei in pylk yn syn kont rûnfleach yn Ljouwert is dea. Yn maaie waard de ein ûntdútsen. De fûgelwacht, brânwacht en biste-ambulânse ha besocht it bist te fangen, mar dat slagge har net.
Snein wie de ein sa bot ferswakt dat trije manlju him dochs fange koene. De bistedokter hat de pylk út syn ahcterste helle, mar de ein oerlibbe de operaasje net. Mar ek at de pylk net fuorthelle wie wie de ein ferstoarn.