Minder flaters troch mammapoli

© Omrop Fryslân
Boarstkankerpasjinten fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum hoege har gjin soargen te meitsjen. De behanneling yn it sikehûs is goed sa lit it sikehûs witte. Ut sifers oer 2006 docht bliken dat 4 fan de 10 pasjinten werom komme moasten foar in boarstoperaasje om't it de earste kear net goed útfierd wie. Neffens it sikehûs is dat no oars om't se no in mammapoli ha.
Foar de operaasje wurde goeie foto's en in MRI-scan makke en de pathalooch anatoom kontroleard tidens de operaasje.