Averij by Ljouwerter skûtsje

De rûte op de Wide Ie
It Ljouwerter skûtsje hat moandei averij oprûn nei in oanfarring mei de_Heale_Moanne. Mei in gat yn ´e boech fan tsien by tsien sintimeter kaam der sa foar skipper Jappie_Meeter in ein oan de twadde SKS-wedstriid op ´e Wide Ie by De_Feanhoop.
Ljouwert fear op it stuit fan de oanfarring op in fjirde plak, de_Heale_Moanne op in tredde. Jitze_Mink naam dêrnei plak fjouwer yn, mei in protestflagge yn ´e mêst.