Auto yn sleat by Grou
Op de Burstumerdyk tusken Grou en Akkrum is yn de nacht fan sneon op snein in automobilist de sleat yn riden. De bestjoerder naam in bocht te rom en bedarre sa yn it wetter. Hy kaam mei de skrik frij.
De plysje hat de automobilist meinaam foar in blaastest. Nei alle gedachten hie de man tefolle dronken.