Oanriding yn Bakkefean

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige automobiliste fan Wolvegea is sneon licht ferwûne rekke by in oanriding op de Foarwurker yn Bakkefean. De frou stie stil foar in dykfersmelling doe't se fan achteren oanriden waard.
Troch de klap botste se op in auto foar har. De bestjoerster fan dy auto, in 20-jierrige frou út Drachten, kaam mei de skrik frij. De ynwenster fan Wolvegea is oerbrocht nei it sikehûs.