Snits winner earste SKS-striid

Publyksfavoryt Douwe Visser fan de Sneker Pan hat de earste wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen wûn. Hoewol't skipper Dirk Jan Reijenga de hiele wedstriid lang koprinner wie, ferlear it Jouster skûtsje yn de lêste meters it earste plak oan de Snitsers. As tredde einige it Hearrenfean.
Net alle skûtsjes hellen de finish. Nei in protest fan Ljouwert moast de Súdwesthoeke it wedstriidwetter ferlitte.