Bystânsfraude yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan Boalsert hawwe foar 74.000 euro fraudeard mei de bystân. Dat seit de yntergemeentlike sosjale tsjinst yn Sudwest-Fryslân. Neffens de sosjale tsjinst hiene de twa in relaasje. Ien krige in útkearing wylst de oare ek noch oare ynkomsten hie.
De sosjale rezjerzje hat in ûndersyk ynsteld. Der binne tsjûgen heard en der binne wurkjouwersferklearringen en bankôfskriften opfrege. De útkearing fan it stel is yntusken stopsetten en it jild wurdt weromfoardere.