Tarvajärvi tydlik by Vitesse

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Niklas_Tarvajärvi wurdt foar in jier ferhierd oan Vitesse. De Finske spits hat ferline jier ek al foar in oare club spile. Doe hat er 28 wedstriden spile foar De_Graafschap en dêryn skoarde er fjouwer kear.
It like derop dat Tarvajärvi it seizoen begjinne soe by Hearrenfean, mar hy wurdt no dochs ferhierd oan Vitesse. Tarvajärvi hat noch in kontrakt foar trije jier by SC_Hearrenfean.