Friezen nei Childrens Games

© Omrop Fryslân
Trettjin jonge swimmers en fuotballers út ´e gemeente Skarsterlân dogge mei oan de Olympyske_Spullen. It giet dan om de berne-Olympiade, de International_Childrens_Games, yn San Francisco yn Amearika. Se dogge dat mei oare jonge sporters út Alkmaar.
De berne-Olympiade bestiet sûnt 1968. It doel is benammen om jonge sporters út de hiele wrâld meiinoar yn kontakt te bringen. De Childrens_Games binne foar bern fan tolve oant fyftjin jier.