Van Hall: miljoenen weromjaan

© Omrop Fryslân
Hegeskoalle Van_Hall_Larenstein út Ljouwert hat ten ûnrjochte miljoenen tefolle krigen fan it ministearje fan lânbou. Dat seit de Raad_van_State. De Hegeskoalle hie jild krigen foar studinten dy´t hielendal net folsleine stúdzjes folgen. Se diene kursussen of ûnderdielen fan stúdzjes. Dêr hie de skoalle gjin jild foar freegje mochten.
De hegeskoalle lit syn juristen noch goed nei de útspraak sjen, mar ferwachtet net echt ûnder de útspraak út te kinnen.