Fernielings yn timmerdoarp
De plysje siket de minsken dy´t ferantwurdlik binne foar fernielings yn it timmerdoarp op ´e Jouwer. Dat is in aktiviteit foar bern, dy´t dêr yn de fakânsje ûnder oare hutten bouwe kinne. Fan dy hutten binne tweintich fernield. Ek is it rút fan in keet yngoaid en binne heapakken fernield.
De fernielings waarden dit wykein dien.