Twa Friezen omkaam yn Epe

Helptsjinsten yn aksje (RTV Gelderland)
By in ûngelok yn Epe binne tiisdeitemiddei twa fytsers út Fryslân om it libben kaam. It giet om in man (60) út Jobbegea en frou (47) út Lippenhuzen. Se waarden fan achteren oanriden troch in automobilist (85). Dy seach har oer de holle. Hoe´t dat koe, wurdt noch útsocht troch de plysje.
By it ûngelok rekken twa oare Friezen swierferwûne. It giet om de frou (48) en man (52) fan de deadlike slachtoffers. De automobilist rekke lichtferwûne.