Sollied wol Lurling wol hawwe

De kâns is grut dat oanfaller Anthony Lurling nei SC_Hearrenfean komt. Dat sei nije trainer Trond_Sollied tiisdei op ´e earste training fan it nije seizoen. Neffens Sollied is Lurling in goede spiler dy´t hy graach by syn seleksje hawwe wol.
Lurling (31) spile yn it ferline ek al trije seizoenen foar SC_Hearrenfean. Dernei kaam er út foar Feyenoord, NAC, FC_Köln, RKC en FC Den Bosch. Op dit stuit spilet er wer NAC. Lurling hat dêr noch in kontrakt oant 2009.