Drigemint bestjoer Frjentsjer

It bestjoer fan SC Frjentsjer driget mei ôftreden. Dat stiet yn in iepen brief oan de gemeente. Reden is dat de oanlis fan de nije keunstgersfjilden net hurd genôch gean soe. Alles soe op ´e tiid foar it nije seizoen klear wêze. Mar no soe út petearen mei de oannimmer bliken dwaan dat dat hast wis net slagget.
De lieding fan club wol dúdlikens fan de gemeente hawwe. Is dy dúdlikens der net foar seis oere tiisdeitejûn, dan stapt it bestjoer op.