De Gudsekop bestiet 100 jier

© Omrop Fryslân
It 100-jierrich bestean fan it bekende sylskip De_Gudsekop wurdt dizze simmer fierd mei in saneamde ´Ieutocht´. Dêrby docht it skip en syn bemanning in soad plakken yn Fryslân oan, dêr ´t it skip aktyf west hat.
De noch orizjinele tsjalk is fan 1908 en wurdt yn ´e feart holden mei jild fan donateurs en minsken dy ´t meifarre. De tocht moat derfoar soargje dat mear minsken jild oer hawwe foar in tocht mei De_Gudsekop.