Wer mear fee yn 'e greide

Molkfeehâlders dy't in nije stâl bouwe, litte har kij net faker binnen as oars. Dat is de konklúzje fan in groep studinten út Wageningen dy't hjir yn opdracht fan Wakker Dier ûndersyk nei dien hawwe.
De útkomst is ferrassend, want al jierren is de trend dat der hieltyd minder kij yn de greiden rinne. Mar grutte suvelbedriuwen jouwe har boeren sûnt ferline jier in fergoeding om de kij bûten de stâl rinne te litten en dat liket fertuten te dwaan.